Oare Tiden

2016

Op ‘e nij lit Frysk skriuwer om utens Marten Gerben Wieringa in tal fantasyrike ferhalen it deiljocht oanskôgje. ‘Oare Tiden’ joech er as namme dit bondeltsje mei. Twadde al wer yn syn sa njonkelytsen ferneamde ‘Gerben Rige.’ Syn ‘alter ego’ Jacinthe Mollinga is in oanstoarmjend talint op ‘e redaksje fan ‘It Oertsjerker Sjoernaal,’ deiblêd foar Oertsjerk en Omkriten. In betûft ynterviewster. Yn wikseljende rollen byt hja har fêst yn de nijsgjirrige fi guer fan Hampie Bokma. In man mei meardere gesichten, dy ’t fan en ta tige dreech mei himsels hat en dêrtroch te folle omstrúnt yn saken dêr ’t in ferkeard rookje oan sit.

 

Lyksa folgje wy har at sy op it spoar komt fan kriminele organisaasjes dy ’t ferrifeljend ynfi ltrearje yn it Fryske taallânskip en dêrmei net folle goeds yn ’t sin hawwe. Dat men hjoed de dei noch geef Frysk skriuwe kin is grif ek Mollinga’s fertsjinst.Neist har sjoernalistyk wurk publisearret Mollinga regelmjittich yn it literêre tydskrift ‘Mooigedagt.’ Om tagelyks dizze oarekant sjen te litten binne as tajefte in fjouwertal bydragen hjirút opnommen yn ‘Oare Tiden’.

 

Minsken mei in fisuele beheining kinne Oare Tiden as audioboek belústerje fia de webside www.passendlezen.nl.

Oare Tiden en de literêre parse

 

Nije Ljouwerter Krante
‘Fan ûn-Fryske alluere. Mei dit boek hat Fryslân wer ris in bestseller yn ‘e hûs.’

 

It Fryske Paroal

‘Mei rjocht nominearre foar de FYRA-publykspriis 2016. In boek dat men perfoarst lêzen ha wol at de trein healwei stykjen bliuwt yn it Fryske lânskip.’

 

De Feanwâlder

‘Undersykssjoernaliste Jacinthe Mollinga hat hj irin Fryske ‘Watergate’ oanboarre. ‘Bokmagate’ is de namme. Aanst sil ‘Oare Tiden’ wis al ferfilme wurde. Tenei mear!’

ISBN/EAN   978-90-9029721-7