Noatsjitten

2013

Mei dizze seleksje kollums krije jo  momintopnames te sjen út it libben fan in Frysk kollumnist.

 

Beskôgjende mominten, ôfwiksele troch observaasjes wêr ’t er der bryk by komme kin. Ut al syn  libbensfasen  komme dy oan bod. Fan de “bewaarskoalle” ôf oant syn toskedokterpraktyk ta.  Yn it Frysk, fan in Fries, berne yn Huzum, dy ’t fan syn fiifde jier ôf al yn Hollân wennet. Syn Stedfrysk feroare doe ynienen yn Algemien Beskaafd Nederlânsk. Mei allinnich oprjochte Friezen yn ‘e  stambeam wied it net te tinken om syn komôf  te ferleagenjen. Dêrfandinne dat er nei syn pensjonearring  ferlet krige  om syn memmetaal  fannijs  te ûntdekken. Ut dy driuw wei,  en nei syn Basisstúdzje Frysk by de AFUK,  skriuwt Marten Wieringa syn Fryske kollums.

 

Foar syn eardere bondel “Skipke sile en dêrnei” ûntfong hy de “Erica Terpstra Bokaal”, as  goed jong talint.

(Utferkocht)

Noatsjitten en de literêre parse

 

Ut de “Ljouwerter Gazet”:….”wûndermoaie taalkomposysjes.….it kin net better! No al nijsgjirrich nei syn folgjende bondeltsje!”

 

Ut “Stedfryske Berjochten”:….”in oanrider, dus: perfoarst keapje en lêze!”

 

Ut “Praatmargewoan”:….”meinimmend nei himelshichten”…..

ISBN 978-90-8759-402-2