Marten Gerben Wieringa

Libben en Wurk

 

Syn foarteam hat oant yn 1700 ta dúdlik te trasearjen spoaren yn it Fryske lânskip neilitten. Bygefolch beskôget skriuwer Marten Gerben Wieringa him noch altiten as in folbloed en oprjochte Fries, nettsjinsteande dat er noch mar 5 jier wie doe ’t er mei de famylje nei Hollân ta ferhuze.

 

Berteplak wie Huzum. Yn 1941 noch in lyts doarpke ûnder de reek fan Ljouwert en de grientetún neamd foar syn grutte buorman om it grutte tal túnderijen. Dochs waard yn 1944 spitigernôch Huzum begearich opslokt troch Ljouwert.

 

It stedfrysk fan Ljouwert ferdwûn earstoan net alhiel yn syn nije Hollânske fermidden. Mar njonkelytsen, yn ‘e rin fan ‘e jierren, begûn dat dochs wol wat ôf te nimmen en úteinlik waard der  ABN oftewol Algemien Beskaafd Nederlânsk sprutsen. Underhûdsk buorrele it út en troch om de Fryske memmetaal ea nochris ûnder de knibbels te krijen. Yn syn Hollânske om-en-by wiene der destiids foar in Fries om utens net folle mooglikheden om it Frysk by te spikerjen. Allinnich mei in ienfâldich stúdzjeboek en kassettebantsjes fan de AFUK, koene der noch wol wat Fryske wurdsjes en sintsjes leard wurde.

 

Nocht oan it Frysk ha is wat oars as tiid ha. Mei syn drokke toskedokterspraktyk yn Leiden wie der hast net tiid om him mei syn memmetaal dwaande te hâlden. Krekt op it stuit dat er pensjonearre waard koe er him der einlings op útlizze. It waard syn lette ropping.

 

Mei it útwreidzjen fan de learmooglikheden fia ynternet waard syn niget oan de Fryske taal fuortsterke. Boppedat hat syn lidmaatskip fan ‘e Ljouwerter biblioteek en mei namme de ôfdieling Frysk tige wichtich west. It lêzen fan al dy tsientallen Fryske boeken hat him in goede taalûndergrûn  jûn. Perfoarst mei net ferjitten wurde de basiskursus fan de AFUK, mei syn treflike Fryske stúdzjeboeken  en syn ‘PraatmarRaak’ kursus. Ut en troch wie de skriuwer ek te finen op jûnen en gearkomsten fan de Fryske kriten yn Leiden en yn Boadegraven. De Fryske toanielselskippen dy ’t der spilen ha syn taalskat tige fergrutte.

 

De skriuwerij hie Wieringa fan jongs ôf yn ‘e besnijing. De skoalkrante dêr begûn it mei. Neitiid  skreau er artikels yn it fakblêd foar toskedokters. Oan  it fakblêd foar akupunktuer levere hy lyksa bydragen. Yn dy tiid alles fansels yn it Nederlânsk. Sa gau as  de pensjoenperioade oanbrutsen wie, seagen de Fryske ferhalen en kollums it ljocht. Mei as gefolch oant no ta twa Fryske boekjes fan syn hân.

Fryske bibliografy

It earste boekje mei syn bondele kollums krige de namme ‘Noatsjitten’ mei en ferskynde yn 2013.

 

It twadde boekje ferskynde yn 2016 mei de namme ‘Oare Tiden. Yn 2017 waard it boekje omset yn in audioboek.

 

It tredde boekje is op healwei en kriget as wurktitel mei ‘Fersleine Tiden.’